In pear wiken nei it ferstjerren fan syn mem, komt Johan Veenstra te witten wa’t syn heit wie. Hy űntdekt dan ek dat er in healbroer hat. Dit boek begjint as de skriuwer in brief oan dy űnbekende broer skriuwt. Nei’t er de brief op de post dien hat, begjint it spannende ôfwachtsjen hoe’t dy der op reagearje sil. Yn dy tuskentiid beskriuwt Veenstra mei grutte iepenheid ferskillende episoades út syn libben: it grutwurden yn in lyts Stellingwerver doarpke, it űntdekken fan syn homoseksualiteit, it ferstjerren fan syn mem. Neist de syktocht fan de soan nei syn heit, is de leafde yn al har ferskiningsfoarmen it belangrykste tema yn it boek: de geheime leafde fan de skriuwer, de leafde fan mem en soan en de leafde foar it lânskip en de natuer. In bręge fan glęs is in iepenhertich en űntroerend boek. 

Johan Veenstra hat foar dizze Fryske oersetting spesjaal in neiwurd skreaun dęr’t er yn fertelt wat der bard is nei it ferskinen fan de oarspronklike edysje fan dit boek yn 2006.

Bornmeer ISBN 978-90-5615-225-3
Pries € 17,50